zaterdag 18 oktober 2008

Beppe Boppe

Postbus 71, 9250AB Burgum
NL - Friesland
T:+31 (0511)469499

Beppe Boppe
Twa susters fine mekoar nei sawat in heale ieu werom yn ien bêd. De bern hawwe har in 'verwenweekend' oanbean yn in beautyfarm op Amelân. In kedootsje om 't se geregeld op'e beppesizzers passe. Hoe eigen fiele se har noch tegearre yn dat frjemde bêd? Wylst de beautyfarm bedoeld is foar de moaie bûtenkant en om te relaxen, behoffenje beide susters de binnenkant, soms ta de bonke. It 'verwenweekend' draait út op in sliepeleaze nacht, mar is dochs hiel ferfrissend... Twa susters fine mekoar werom op it toaniel. Sawat 35 jier ha se neffens eigen programma libbe en no steane se wer yn itselde programma. Yn it teater. Wat kinne dizze artystedochters oars spylje as harsels. Lykwols... eltse oerienkomst mei bekinde persoanen is poer tafallich.